Fryskfrommes
Poëzie voor groot en klein. Frysk en Nederlands.
15 feb 2024
20 dec 2021
Tiede bliuwt thús
Tiede hoecht hjoed net nei skoalle
want master en juffen binne der net
mem hat him krekt pas roppen
en it is al wit hoe let
earst giet Tiede lekker iten
hjoed nimt hy in pantsje brij
it is hatstikke gesellich
want ek syn knuffel is der by
Tiede boartet mei de auto's
race mei twa tagelyk
en ek hearlik eefkes botse
oei no is der ientsje bryk
wol mem Tiede helpe
want de tsjillen stean sa gek
en de bumper is wat nuver
ek de bân liket wol lek
mar mem hat gjin tiid no
want sy moat earst wat oars
tsjin de laptop sit se te praten
en Tiede wurdt ynienen boas
hy smyt de auto troch de keamer
mar wurdt dan in bytsje bang
krûpt gau fuort achter de stoel
och wat duorret it wer lang
einliks komt mem him dan sykjen
't is tiid foar drinken en in koek
tegearre meitsje se de auto
en lêze yn in plaatsjesboek
dan mei Tiede op de I-pad
mem sil it ding wol eefkes jaan
is het dochs in moaie dei noch
lekker lang in spultsje dwaan
7 sep 2021
Reizigje yn in kefert
As wolken fansiden skowe skynt in flau ljocht de keamer
yn en dêr leisto. De rook fan âld en oan ein tegearre mei dy fan dit hûs makket
my wat mislik. De heal iepen doar tekenet skaden op de muorrre en boartet mei
myn tinzen.
En it bêd, dat is fan dy. Ik mei net sliepe, wekker bliuwe dat is myn taak. De nacht is stil, útsein de soerstoftank. Dy jout in ritme oan de nacht en lit it tsjuster dûnsje. Tsssj poe ....tsssj poe..... tssssj poe ... en de nacht duorret en duorret
In doar giet iepen en ticht. En dan rint der immen
hastich oer de gong as is der gjin tiid mear en dat is miskyn ek wol sa. De kroks
sûge sêft oan it linoleum en sjirpe in oade oan de nacht. It ljocht op de gong
wurd stadich wer wei.
Koe ik mar reizigje yn in kefert dan wie ik earder by dy west. Tegearre sjen nei de sinne dy’t op komt. De dei yn de mijtte gean en mar sjen hoe fier as we komme koenen. En wa wit koe ik dyn hân beet hâlde as nimmen it seach.
Mar it kefert is te lyts en ik bin te swier. En de suster soe my net bringe want de suster is der net mear. In nije dei bringt nije gesichten. De moanne kin dy nachts mar sy wurdt wei yn it deiljocht. Krekt as do, mar no noch net
tsssj poe .... tsssj poe .... tssssj poe