30 dec 2010

Jierwiksel

As bern fakânsje hawwe docht dizze mem neat oan har 23 dingen. Nije wike allegear wer nei skoalle en dan giet it wer hinne. Ik winskje alle minsken dy't dit lêze in noflike jierwiksel en in goed begjin fan it nije jier.

Ik hie de flickr foto eigner tastimming frege en ek daliks de oare dei krigen mar jimme moatte der noch hieltiid op wachtsje. Janneke (coach) it komt fansels as der tiid fan libjen is.

Leuke spreuk foar op it wurk:

WY LITTE US NET OPJEIE, WY BINNE OAN IT WURK NET OP'E FLECHT!

17 dec 2010

Klear mei flickr

Wie krekt oan it skriuwen wurdt ik der wer út flickere. It past der wol by as jo mei flickr oan de gong binne mar leuk is oars. Ik bin klear mei flickr, hie al fan alles lêzen en besocht en besjoen. Hatstikke moaie mooglikheden binne der. Wat kinne wy hjirmei dwaan as bibleteek?? Ik soe sizze foar Wommels is it in idee om de Littenseradiel kolleksje sichtber te meitsjen. Oan de oare kant tink ik dat je grutter tinke moatte en net op lokaal nivo oan soks begjinne moatte. Op nei ding 8.

Flickr message

Ha krekt in hiele moai foto útsocht om te brûken by in gedicht dat ik skreaun ha. Ha de makker in flickr message stjoerd om te freegjen as it goed is dat ik de foto pleats yn myn blog. It is in Nederlander dy't yn it bûtenlân wennet. Bin benijd as ik in reaksje krij. Dus wachtsje ik noch eefkes mei it pleatsen fan de foto en hâld ik jimme noch yn spanning. Ik gean al wol fierder mei ding 7 oars komt der noait in ein oan.

15 dec 2010

Flickr flickr flickr flickr ferfolch

Ha krekt op flickr oan it sykjen west op kleur en op omskriuwing. Kinst fan alles sykje en socht ik eerst hieltiten yn it Ingelsk en krige ik fansels ek foto's fan Amerika ensa. Doe mar ris yn it Nederlânsk besocht en ja dat kin ek gewoan. No soe ik noch fierder mei in foto uploade en in stikje derby mar dat moat oare keer mar want de 23 dingen gooit my derút en wol eefkes net. Hawwe we op it wurk hiel faak en wêr't it oan leit?? No mar eefkes oars oan it wurk en dan hâld ik jimme noch eefkes yn spanning oer hokfoar foto as der yn myn blog ferskynt.

7 dec 2010

Time-out

Heb even een paar dagen vrij van uitlening, maar ga in overleg met het herstellende kind wel eens even naar de bieb vanaf morgen. Ben ook van plan om in een ding te duiken. Allemaal dank voor de reacties en het gaat gelukkig de goede kant op met het herstel. Nu maar weer even samen een spelletje doen. Gelukkig hebben we er 2 op Sinterklaas gekregen.

Bin fan skrik al yn it Nederlânsk oan it skriuwen west sjoch ik no!!! Noch wat drok yn de holle (dat sil it wêze, as soe de ôftakeling begongen wêze??).