28 dec 2011

Ding 27 Copyright

Copyright: wat moat ik dêr no oar sizze. It is alwer in ding wêr't in protte oer te lêzen is en ik wist net fan de 'Creative Commons' lisinsje. It komt der op del dast gjin fergoeding hoechst foar dyn wurk as minsken dy't it brûke mar wol nei dyn wurk ferwize. Ik bin dus wol wer wat 'mediawijzer' wurden.

Op Flickr socht nei foto's mei sa'n lisinsje en der binne genôch om te brûken. Wat opfalt is: ast sikest op foto's sûnder lisinsje dan krigest folle mear. Net elkenien wol dat syn/har wurk samar brûke litte troch in oar. Ik tink der meastentiids om dat ik neam wêr't ik it wei ha of wa't it makke hat. Mar foaral mei plaatsjes is it hiel maklik plakken en knippen fan ynternet ôf. En dat doch ik krekt sa goed as in oar.

As ik it earste stikje "Web 2.0 staat min of meer synoniem met het delen van informatie in de vorm van tekst, beeld en geluid. Dit betekent echter niet dat je alles wat je op internet tegenkomt, zomaar in materiaal of op je eigen website mag gebruiken" fan dit ding knip en plak nei Google en sykje dan kom ik it op ferskate websiden tsjin.  En as dit berjocht klear is dan ek op myn blog.

Ast perfoarst net wolst dat minsken samar wat fan dy brûke kinst it better net op ynternet sette.



Dizze krystbeam ha ik sels makke en doe op Twitter sjen litten. Dan is de foto foar elkenien te brûken en dat barde ek daliks. Op de webside fan piepschuim wêr 't ik de krystbeam wyt kocht stiet hy no by ynspiraasje/kryst! Ik fyn it leuk dat de foto dêr te sjen is, fiel ik my ek ris in echte krea-bea.

Ding 25 Screencasting

Samar yn de krystfakânsje oan de gong mei de verdiepdingen tegearre mei Carin. Omdat wy allebeide noch screencaste moasten en it mei in filmke handich is dat de iene wat docht en de oare filmet hawwe wy de lapen gear smiten. Wy hawwe gebrûk makke fan screencast-o-matic mar earst fansels in filmke opnommen. Hoe wurket it ynleverjen by de 'zelfservicebalie' as it boek net fan bieb Wommels is. Omdat it filmke hiel dúdlik sjen lit wat te dwaan hawwe wy der fierder neat by setten.



Screencasting: in leuk ding om kennis mei te meitsjen. En kinst der in protte mei ferdúdlikje. Wy hawwe it no mei in filmke dien mar sa kinst ek dingen fan de webside útlizze oan klanten.

12 dec 2011

Ding 28 Crowdcourcing en crowdfunding

Sa, wer in moarn om. Ha in protte lêzen en sjoen oer crowdcourcing en crowdfunding. Dwaande west mei GWAP en it ESP spultsje spile en dermei myn Ingelske wurdeskat ophelle. Ek noch oare dingen dwaan wollen mar dan krige ik it boadskip: The page you are looking for is temporarily unavailable. Please try again later. Spitich! Verbeterdebuurt dêr docht de gemeente Littenseradiel (noch) net oan mei en dan moast in oar syn buurt sykje. Is lang sa nijsgjirrich net as eigen buurt. It boek fan Suzanne Buis - Ik date maar wat is allinich oanwêzich by bibleteek Snits en stiet op it stuit gewoan yn de kast. Is it wol sa'n topper wurden? Wol leuk dat it op dy manier útjûn is fia Ten Pages.

Ik wie ris in kear op syk nei goede websiden fan doarpen, ha de fraach stelt op Twitter mei in #dtv en doe krige ik in protte brûkbere reaksjes. Dat wie in moai foarbyld fan crowdcourcing. En wat kinst in protte berikke as dyn projekt minsken oansprekt sa as Country clean up project "Let's do it 2008". Fantastysk wurk yn ien dei!

Ik kin hjir alles wol beskriuwe wat ik fierder lêzen ha mar dat liket my net nedich en nuttich.

De biebsudwest sit op twitter en kin dat medium ynsette by de ferbettering fan de bieb. Bieb Zwolle docht mei oan it beantwurdzjen fan #dtv en ik ha harren frege wa't dat dogge en hoe't it sit mei oeren en personiel mar noch gjin reaksje hân.
Ik krige krekt op Twitter dit filmke yn in tweet op myn fraach: hoe kinne bibleteken crowdcourcing ynsette? As ik noch oare reaksjes krij dy't de muoite wurdich binne om te neamen yn myn blog dan komt der in ding 28a en oars bin ik der klear mei.
What digital natives want from their library



3 dec 2011

Ding 26 Privacy en veiligheid

Wat sil ik hjir ris oer sizze? Ik ha myn namme googele en bin mysels hiel faak tsjin kaam op ynternet. Dat hat fansels te krijen mei de funksjes dy't ik ha, hie as dingen wêr 't ik oan meiwurke ha. Ik bin wolris yn it nijs en dan komme je dat tsjin. Soe it eartiids yn de krante stean, dan wie it allinich noch mar te lêzen foar ien dy't de krante bewarret. Hjoedtedei stiet soks allegear op ynternet en it giet der net wer ôf. Lokkich ha ik gjin gekke of ferfelende dingen sjoen doe't ik mysels googele.

De minsk hat altiten in kar, dochst it wol of dochst it net! Nim ik in klantekaart by de winkel of net? Skriuw ik in blog (ja, dat moat no wol foar de kursus) of net? Wol ik meidwaan oan sosjale netwurken of net?

Hjoed seach ik op Twitter in tweet foarby kommen fan immen dy't de smoar yn hie om 't de iene of oare frou him as in lyts bern behannele. Hy sei dat op in wat oare manier as dat ik it no doch. Ik moast daliks tinke oan it stik op vk.nl. Dêr stiet: "Een privé profiel op sociale netwerken is verstandig, want volgens het onderzoek van 123people blijkt dat ongeveer één op de tien een baan niet heeft gekregen of verloren door content in sociale netwerksite." Gefaarlike útspraak fan immen dy 't net in slotsje op syn akkount hat.


Meringue appeltaart

Wêr 't ik myn nocht fan ha is de kadootsjes dy't jo krije oer de post, mar dêr moat dan earst fan alles op ynternet ynfolt wurde.In skoftke lyn krigen we fan Essent in appeltaartsje fergees by de Hema. Mar do meist net samar nei de winkel om dat ding te heljen....neeeeee! Earst nei de webside fan de Hema en dêr allegear gegevens ynfolle en dan goed oplette want de ynformaasje
dy 't ynfolt is giet ek nei Essent! En dy kinne dy dan wer belje mei allegear oanbiedings en sa. Ik bin der oan begongen, mar healwei tocht ik...smoar mar yn dy appeltaart. Ik kin 'm sels ommers folle lekkerder bakke!