28 nov 2012

Masha

It is neare nacht, Masha sjocht gjin hân foar eagen. “Snotferdikke wêr bin ik eins,” tinkt se.
Ynienen heart se wat neist har, it wurdt aloan lûder. It koe wol snoarkjen wêze.
O shit, it komt har allegearre wer yn ‘t sin. Dy ferskrikkelike leuke jonge, Marcel, dy’ t se tsjin kaam yn ‘it Wapen’ justerjûn. En dat se hieltiid mar wer in pilske besteld hie om mar mei him oan ‘e praat te bliuwen.
Dat se eins normaal sprutsen fan trije wyntsjes al dronken wie en no wol tsien glêzen bier achteroer slein hie.
En dêrnei wit se it allegear net mear sa goed. Soe se neist HIM lizze? Se taast nei ûnderen en fielt dat se har ûnderbroek oan hat en har bh en shirt ek. Wêr ’t de rest fan har klean keard binne, se soe it net witte.
Har holle kloppet as in gek en se hat in ferskuorrende toarst. Stadich wurdt it in bytsje ljochter om har hinne en se kin wat dingen ûnderskiede. Immen neist har op it bêd en in nachtkastke mei in lampke. Hoeden docht se it ljochtsje oan. Se besjocht him ris goed. Wat sjocht er der lekker út, sa sûnder klean. Soe hy syn ûnderbroek oan hawwe? Se tilt it dekbêd in eintsje op en sjocht…... Oeps, hy snoarket noch wat lûder en draait him om.
Se lit harsels fan’t bêd of glydzje, siket har klean by mekoar en giet súntsjes de keamer út.
Wat soe se allegear dien ha justerjûn en wêrom lei se neist him op bêd. Soenen se it dien hawwe?
It fielt net sa, mar miskien wit je dêr wol noait wat fan as je sa yn ’e oalje binne. Tink dy ris yn dat se lûd skreauwend klearkommen is of dingen dien hat die ‘t se normaal sprutsen nea dwaan soe!


Se slûpt de trep del en giet troch de foardoar nei bûten. Dêr yn it ljocht fan de lantearnepeal sjocht se op har horloazje dat it healwei fjouweren is.
Se rint nei it begjin fan ‘e strjitte of soe it it ein wêze en siket om in strjittenammebuordsje.
Mar altyd as jo om sa ’n ding sykje dan binne se der net. Se begjint te rinnen, mar dat falt noch net ta.
Har holle fielt krekt as sil er achteroer falle en de strjitte golvet nuver op en del, it koe de see wol wêze. As se in eintsje rûn hat, heart se in mannestim roppen.
Se draait har om en sjocht immen wyld swaaiend op in fyts oankommen. O nee, wa soe dat no wêze! Yn panyk begjint se te draven en sjit in stege yn. Fansels rint dat ding dea, it is krekt as is se yn in film telâne kommen. Har fantasy giet mei har op ‘e rin en krekt as se harsels oer in hage smite sil hat immen har by de jas te pakken. “Lit my gean”,raast se en wylst besiket se in glimp op te fangen fan dejinge dy ‘t har by de jas hat.
As se sjocht dat it Marcel is, bejouwe har fuotten it en sakket se op ‘e grûn yn mekoar.
Wat dochsto nuver, seit er en nimt har yn syn earms.” Wêrom draafst sa hurd fuort? Ik woe dy allinnich thúsbringe. Wêrom hast my  net wekker makke?” 
Masha seit neat, har holle bûnzet noch omraak en se skammet har dea.
Kom achterop ju, seit Marcel, dan sil ik dy thúsbringe.

Yn de tsien minuten dat se achterop ’e pakjedrager sit hat Masha tiid genôch om in bytsje te bekommen. Se skammet har dea. Wêrom tocht se eins dat hy ien of oare ferkrachter wie en draafde se sa ûnnoazel fuort.
Aanst mar gau yn ‘e hûs as se der binne. Se springt wyld fan ’e fyts en ferknoffelt dermei har ankel.
“No bedankt hear” ropt se en draaft achter hûs. “Mar Masha…”heart se noch, mar se ferdwynt troch de stegedoar nei de tún.
Fiif minuten letter leit se yn har eigen bêd en wriuwt oer har klopjende ankel. Se hat twa paracetamol nei binnen slokt en hopet dat se noch wat sliepe kin. No fielt har holle wat better en no hat se in seare foet. Earst mar sliepe en moarn mar wer sjen, tinkt se noch.

“Masha,” raast immen by har ear. “Minsk do koest wol dea wêze, kom op ju der is tillefoan foar dy.”
“Oh nee Suus! Sis mar dat ik der net bin, ik bin net by steat om immen te wurd te stean.”
“Mar jim mem is derfoar en dy mei oars ek net witte datsto om trije oere noch op bêd leist.”
“Kin my neat skele, “seit Masha en draait har om,  “Soal op!”
“No, dan moatst it sels mar witte, dwerskop, “ seit Suze en rint de keamer út.
Nei in minút as fiif sjit Masha oerein en knoffelt de treppens del. “Suus, do hast doch sein dat ik net thús wie no. Hast ús mem doch net witte litten dat ik noch op bêd lei?”
Suze laket ris leaf en seit: “Ik soe mar gau klean oandwaan en dy opfrisse, want se sil wol ûnderweis wêze.
Doe’ t ik sei dat ik dy net wekker krije koe, hat se fuortdaliks de hoarn derop smiten.”
“Oooh, wat bisto in leuke freondinne Suus. Ik pak dy wolris werom. “ En dernei spurt Masha de trep wer op.
Yn ‘ e baaikeamer kletst se kâld wetter tsjin har gesicht, lûkt har hier yn in strakke sturt en poetst har tosken.
Yn net minder as trije minuten is se werom yn ‘e keamer en giet op ’e bank sitten mei in tydskrift krekt as sit se der de hiele dei al.
“Tochtest echt dat ik jimme mem hjir hawwe woe op snein,” seit Suze en se skuort har de bûsen sawat út fan it laitsjen. “En,” hikt se, “wat mankearret der eins oan dyn foet?” “Dat hoechsto net te witten, wat bisto in trut Suus, ik skrok my in ûngelok. Tink dy ris yn dat se echt lâns komme soe. Dan wenne ik binnen de koartste kearen wer thús.”

“Tsjonge jonge, wat in drokke wike. Ik bin bliid dat it wer wykein is. “Masha smyt har tas troch de keamer en springt op’ e bank.
“ Hoe is it mei dy? “ freget se oan Suze dy’t efter de kompjûter sit en as in wyld op ‘e toetsen hammert.
“Ja, goed ju, seit Suze, “ast no eefkes dyn waffel hâldst dan bin ik klear en kinne we nei de ‘Dappere Dodo’ foar in deihap en in borrel.”
As se it iten besteld hawwe en mei in glês wyn achteroer sakje seit Suze ynienen:” Och hea, ik bin hielendal fergetten dat der immen foar dy skille hat. 
Hy moast dy beslist sprekke sei er en doe ha ik it nûmer fan dyn wurk jûn. Is dat noch slagge, want it wie hast tiid om nei hûs ta.”
“Nee, ik ha gjin privee tillefoantsjes hân hjoed. Wist ek wa ‘t it wie?
“Goh Mash it wie in man en neffens my wat mei in M.” Masha har hert begint te bûnzjen en har wangen kleurje read. “Ik leau iets fan Minze of Micheal of sa?”
“Marcel,” seit Masha begearich, “wie it Marcel miskien?”
“Ja,” laket Suze, “dat wie ‘m. Mar wat hasto in reade holle, ik leau nea dat it fan ‘e wyn komt?
Is dat de jonge wêr asto lêsten weikaamst midden yn ’e nacht!
Toe no ju, fertel no ris, ik bin ommers dyn bêste freondinne.” En wylst it iten foar harren delset wurdt fertelt Masha oer de jûn yn it Wapen en hoe’t se fiersten tefolle bier hân hie en dernei wekker wurden wie yn in frjemd bêd.
“Goh minsk, wat spannend,” seit Suze. “Wol shit datst dyn mobyltsje kwyt bist want no witte we net wat er fan dy woe. No ja hy sil wol wer belje en oars sikest him doch op?”
“Sille we noch in wyntsje nimme en dan nei hûs,” seit Masha. “Ik ha fan ’e jûn net safolle nocht om te stappen, ik wol aanst wol op bêd.”
‘Ja, ja, “seit Suze, “en do hopest fansels dat Marcel noch ris bellet of net?”

De oare deis wurdt Suze wekker fan rare lûden út ‘e baaikeamer. Se skuort de doar iepen en sjocht Masha dûbelgear boppe in amer hingjen. “OOH ik gean dea,” krimmenearret se. “Ik spui my út mekoar.
Wêrom hasto nearne lêst fan,” jammert se en dúkt wer mei har holle yn ´e amer.
Suze siket in waskhantsje, makket it wiet en triuwt it Masha yn’ e hannen.” Hjir, dan kinst dy wat skjin feie.” “Gean fuort Suus, lit my gewurde.”
Letter leit Masha mei in wyt gesicht op ‘e bank. “Bist wat bekommen?” seit Suze.
“It giet no wol wer, mar jonge jonge wat fielde ik my beroerd fan’ e moarn. Net te leauwen, no ja it sil wol in búkgrypke wêze, want do hast gjin lêst en we hawwe justerjûn beide itselde iten.”
Ynienen hearre se de skuttingdoar en sjogge se Masha har mem troch de tún rinnen.
“O nee, dat ek noch, ús mem, “ suchtet Masha. “Wachtsje, ik ferstopje my efter de bank en do seist dat ik net thús bin.” “Te let,” seit Suze en dêr giet de keamersdoar al iepen.
“Masha bern wat sjochst der út,” seit har mem en tutet earne neist har yn ‘e loft. “En do stjonkst nei ...........eeeh no ik wit net.
Ik wist wol dat it gjin goed idee wie om hjir by yn te wenjen, hie no mar nei my harke…”
“Ik soe krekt nei tsjerke,” ûnderbrekt Suze it ferhaal. “Hoi Masha, doech frou Keegstra.” En fuort is se.
Masha har mem sjocht ris op har horloazje en tikket der ris op. “Wat in nuvere tiid om nei tsjerke te gean. Dy Suze is dochs net by ien of oare frjemde sekte hoopje ik?”
Masha kriget gjin kâns om antwurd te jaan want har mem rabbet al wer fierder.
Oer har heit dy’t de hiele dei yn ’e krante en foar de televyzje hinget en oer hûnestront op ‘e stoepe en oer tante Gonnie dy ‘t ferline wike foar de tredde kear troud is. En it ôfgryslike sjike feest dat se der fan hâlden hienen.

“He he,” suchtet Masha as har mem einliks wer fuort is. Doe’ t se it geëamel net langer ferneare koe, hie se op it húske (mei it mobyltsje dat se wer fûn hie doe’t se mei har holle
yn ’e amer hong te spuien, it lei ûnder de waskkoer) har heit belle as dy har ek ûntsette koe.
Hy hie oars krekt sa’n rêstige middei, sei er mar hawar. Nei in minút as trije gie de mobyl fan har mem en nei ’t se eefkes harke nei de beller, draafde se mei in heechreade kleur fuort.
Se tute nochris in kear yn ‘e loft en rôp  “Ik kom gau wer ris” en fuort wie se.
Wat har heit sein hie wist se net, mar it moatst wol in goed ferhaal wêze om har mem sa gau fan ‘t plak te krijen.
Masha hellet in cracker út ‘e keuken en makket in bakje tee en jout har dan wer del. Lokkich is se net mear sa beroerd as fan ’e moarn.
Ek nuver dat Suze nearne lêst fan hat. Dan slacht har hert in kear oer. O SHIT, it sil doch net sa wêze wol. Moarns beroerd en no wer in stik better. Har suster hie dat doe’ t se yn ferwachting wie fan de twilling. Moarns sa siik as in hûn en dernei knapte it wer op. Mar dat kin net!!! Of wol?
Wat wit se der eins ek fan, kin soks al mei in wike as twa? Nee, dat sil wol net, belachelik. Se moat har net sa oanstelle.
Neat wiist der op dat se seks hân hat lêsten. Gjin skrinend gefoel yn har krús, gjin sûchplakken, gjin ûnderbroek mei nuvere flekken. Se moat har wier net sa oanstelle.
Miskien bellet Marcel aanst en geane se jûn te stappen. As se dan achter de wiere tadracht is, kin se him fertelle fan fan ’e moarn. Dan kinne se der tegearre om laitsje.
Mar ja,  as er no earst mar ris bellet, ferline wike hat er ek neat fan him hearre litten.

“Miskien skille hy wol om te sizzen dat er neat mei dy wol en doe’t er dy net berikke koe doarde er net mear en.......” Masha sjocht as in toer en as blikken deadzje koene dan wie Suze der net mear west.
‘It is datst myn bêste freondinne bist,” seit Suze, “mar oars hie ik dy der út setten. Do bist al twa wiken net te brûken en no is it wer sneon en do giest aanst mei my nei It Wapen. As Marcel der is sjochst wol wat der bart. Alles better dan dit net witten.”
“Do hast gelyk,” seit Masha en se laket skiepeftich. “Wat bin ik in trut net?
En as er der net is dan mar net! Der binne grif wol oare leuke jonges, ik sit net oan him fêst!
“No sjit op juh, ferklaaie dan kin it mar heve.”

Eefkes letter geane se tegearre op ien fyts rjochting it sintrum. It is noch betiid op ’e jûn, mar dan kinne se sjen wa’ t der binnen komme.
Se sykje in plakje oan’ e taap, sadat se de yngong yn’ e gaten hâlde kinne.
Stadich begjint it te rinnen en wurdt it drokker. Ynienen fielt Masha in klopke op it skouder. As se har omdraait sjocht se immen mei in wylde prûk hier en in flutburd. Hy komt har faach bekend foar, mar se kin him net te plak bringe.
 “Do hjir ek wer,” seit er  “Hoe is it dy ôfgien de lêste kear? Hast noch in taksy krije kinnen?
Spitich dat dy fan ús al fol siet, oars hiest wol mei kinnen.
Fan’ e jûn bin ik op ‘ e fyts, dat ast in lift nedich hast dan seist it mar. Earst mar in pilske net, dy koest lêsten ek wol fuortkrije, miskien wurdt it wol krekt sa gesellich.”
“Ik kom daliks wer, ik moat earst pisje, “seit Masha en se lûkt ûnderwilens Suze fan ‘e kruk. ‘Do moast ek pisje ommers” raast se boppe it muzyk út, as dy har ûnnozel oansjocht.
Yn ‘ e wc leit Masha har waarme gesicht tsjin de kâlde muorre. “Wat foar fint is dat, wêrsto mei stiest te praten,” seit Suze. “Al slachst my dea, ik soe it net witte. Hy hat my de oare kear moete doe’t ik dy nacht by Marcel bedarre. It skynt dat ik om in taksy socht en hy wit ek dat ik hiel gesellich wurdt fan in soad bier.
Ik fyn it mar in grizel, akkebakke! Helpst my aanst wol om him kwyt te reitsjen no Suus?
No kom op pisje en dan geane we wer. Hee wy binne earst!” ropt se tsjin in famke dat in wc hokje binnen strûze sil. “Wy steane al in hiel skoft te wachtsjen ja!”
As Suze sit te pisjen heart se ynienen in hiel lûd “YES YES YES” út ‘e oare wc kommen.
“Wat wie der no te razen op ’e wc krekt, dat wiesto doch,” seit Suze tsjin Masha.
“Ja minsk,  ik wurdt ûngesteld” ropt Masha út, “is it net fantastysk!” Fansels is krekt op dat stuit de muzyk ôfrûn. Se lûkt Suze mei yn in freugdedûnske mar sjocht dan dat elkenien om harren hinne har oan stiet te gapjen. “No sjoch de oare kant út ja,” seit se tuttich. “Ha jimme net earder in ûngestelde frou sjoen!”

It is al aardich let op ’e jûn en in pear glêzen wyn letter (om te fieren dat se ûngesteld wurden is) as de man mei it burd har wer op it skouder tikket. Hy seit bretaal: ”Dus it wurdt fan ’e jûn neat mei ús ha ‘k wol heard. Spitich datst ûngesteld wurden bist, mar nije wike bin ik hjir wol wer ju.”
Masha wit sa gau net wat se sizze moat. Wat in ferskrikkelike pimel, wat mient er wol net!
“Ik wit net watsto tinkst,” seit se dan lûd, “mar ik ha al in freon. Noch mar in pear wike en dan sille we trouwe. Dus helje dy mar neat yn’ e holle want ik bin al beset.”
Resolút draait se har om en sjocht dan krekt immen fuort rinnen dy ‘t har wol hiel bekend foarkomt.
Marcel, oh nee Marcel en dy hat fansels heard wat se sei.
No tinkt er grif dat se nochris mei in oar rollebolje woe foardat se yn it houliksboatsje stapt.
As se him efternei sil giet der krekt in grutte groep minsken fuort en duorret it wit hoe lang foardat se betelle hat en derút kin.
Masha sjocht wyld om har hinne en draaft de hoeke om mar Marcel is nearne te sjen.
Kut, tinkt se en lit harsels tsjin de muorre sakje. Se bûcht de holle foardel en sjocht nei de grûn.
Dan heart se in bekende stim dy ‘t seit: “Witst wol seker datst trouwe silst? Want as dat net sa is dan wol ik dy graach nochris thús bringe!”
Masha bringt har holle omheech en kin noch krekt YES tinke foardat Marcel syn waarme lippen oer dy fan har leit en de wrâld in hiel skoft stil stiet.