17 jun 2013

Lytsewierrum

Yn Lytsewierrum is op it stuit foar de 10de kear in eksposysje yn de teetún fan de pastorie. In hiele moaie lokaasje wêr 't ik al jierren kom foar in moaie middei mei keunst en kofje mei wat lekkers. Ferline jier siet ik dêr oan it wetter en tocht: wat soe it moai wêze om hjir in tekst yn it wetter del te lizzen. Mar sa as sokke dingen gean, ik fergeat it letter ek like hurd. Oant ik de útnoeging krige foar de eksposysje fan dit jier. In jubileumjier want dit jier al foar de 10de kear in eksposysje. Ik moast daliks wer tinke oan dat moaie plakje by it wetter en ha Peter en Teresa in mail stjoerd mei myn idee. 

Se wiene daliks entousiast en ik ha myn twicht (twittergedicht) dêr yn it wetter brocht. En it is echt hiel moai, al sis ik it sels. Juster bin ik der as besiker hinne west om alle oare keunst te besjen en waard my ferteld dat der al in protte reaksjes kommen wiene op de twicht yn it wetter.



Jim kinne it hjir op de foto sjen mar yn it echt is it folle moaier. Want dan sjochst ek noch de hynders oan de oare kant fan de feart en de moaie fryske loften. Ik soe sizze der mar hinne, jim ha noch twa wiken de tiid. Foto is makke mei myn mobyl en net sa fantastysk fan kwaliteit mar it giet om it idee.

De eksposysje is 13 - 30 juny fan woansdei o/m snein tusken 10.00 en 17.00 oere. Mear lêze kin hjir.