10 nov 2016

Foar dy nei dy

It gedicht dat ik skreaun ha nei it sjen fan de foarstelling Foar dy nei dy wol ik graach mei jim diele. De titel is: "net goed net ferkeard" en sa is it mar krekt. Foar wa't de foarstelling noch sjen wol? Der binne noch in pear kaarten. En ik bin der sels fia de reservelist kommen dus ek dat is te besykjen.
In moaie foarstelling oer rou op in prachtich plak. En de spilers spylje harsels mar ek wer net. Nei de foarstelling is der in hapke en drankje en de mooglikheid om nei te praten. Ek mei de spilers.



Net goed net ferkeard

hy giet troch mei libjen want it is sa’t it is
myn libben stiet stil want ik wol der net oan
ferhip it om de dei te nimmen sa’t er komt
ik wit wol datst net wer komst mar myn lichem
fielt noch altyd dat ik dy berne ha
ferwûndere sjoen ha nei dat berntsje
net begripe koe dat ik soks op de wrâld
set hie en ek doe gong hy troch mei libjen
want it wie sa’t it wie en net oars

ik sykje dy oan de nachthimel as ik wer
ris net sliepe kin en hy snoarkjend de nacht
oan kant seaget en him omdraait as
ik der mei kâlde fuotten neist skow, him
sêft troch syn hier stryk, bliid mei syn moed
om te libjen foar wa’t der wol binne en
dermei my sjen te litten dat it ek kin sa’t
hy it docht, my gewurde lit om’t ik noch
net fierder kin, net goed en net ferkeard

Pieteke 

Geen opmerkingen:

Een reactie posten